MENU

Fun & Interesting

Fryslân DOK: Hoe't Metallica De Westereen op 'e kop sette

Omrop Fryslân 19,701 lượt xem 10 years ago
Video Not Working? Fix It Now

Watch the English subtitled version of the full documentary on:
http://youtu.be/6uk8nVfkxBE

Metallica is tsjintwurdich ien fan de aldergrutste rockbands fan de wrâld en follet mei gemak ynternasjonale stadions. Tritich jier lyn wie de Amerikaanske band lykwols hielendal net sa bekend. Yn de simmer fan 1984, fier foar harren trochbraak, spile Metallica yn it Fryske doarpke De Westereen. It ienige optreden dat de band yn Fryslân dien hat.

It optreden op 9 juny 1984 makke grutte yndruk op in protte Fryske besikers, yn in tiid dat heavy metal in folslein nije muzykstreaming wie. De besite fan Metallica oan De Westereen levere smoute anekdoates op, dy't desennia letter noch hieltyd ferteld wurde yn Fryslân. Yn dizze dokumintêre rekonstruearret programmamakker Douwe Talma dy simmerjûn fan 1984 mei minsken dy't der by belutsen wiene. In stikje fergetten muzykskiednis fan Fryslân.

Bysûnder is dat twa orizjinele bandleden fan Metallica meiwurken oan de dokumintêre. Kirk Hammett en Lars Ulrich hienen moandei 9 juny 2014 op it Pinkpop festival in eksklusyf petear mei Douwe Talma oer it optreden yn De Westereen. Op 'e kop ôf 30 jier letter.

Nederlands ondertitelde versie staat op:
http://www.uitzendinggemist.nl/afleveringen/1426468

Comment